Grutte gefolgen sluting AZC

18 sep 2012 - 22:41

De sluting fan it AZC hat grutte gefolgen foar de gemeente, it doarp, ynstellings en bedriuwen. Op 1 april 2013 telt Sint Anne yn ien klap 400 ynwenners minder en dat betsjut foar de gemeente 140.000 euro minder ynkomsten, mar ek minder bestegings yn de winkels.

It COA slút yn it hiele lân sintra omdat der minder flechtlingen binne. Yn Fryslân binne aanst allinnich noch AZC's yn Burgum en Drachten. Ien fan de gefolgen is ek dat de fjouwer ûnderwizers fan de AZC-skoalle dien krije.

Dat hat ek wer gefolgen foar alle basisskoalen yn de kassengebieten dêr't bûtenlanners wurkje. De bûtenlânske bern kinne net opfongen wurde troch de gewoane skoallen en geane dêrom nei Sint Anne ta.

Trefwurden: 
AZC Sint-Anne sluting
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)