SWF wol ôf fan brêgejild

Wettersporters
Súdwest-Fryslân wol graach ôf fan de toeristebelesting en it brêgejild. Troch dy heffingen ôf te skaffen soe it toerisme yn de gemeente ferbettere wurde kinne. Dat is ien fan de útkomsten fan in gemeentlik ûndersyk nei de ferbettering fan de rekreative sektor. Mear gearhing tusken de toeristyske fasiliteiten fan wettersportdoarpen soe ek helpe kinne, dêrfoar moatte ûndernimmers mear gearwurkje.