Norbruis huldige yn Oerterp

18 sep 2012 - 21:47

Hurdfytster Alyda Norbruis is tiisdeitejûn yn har wenplak Oerterp huldige. Op de Paralympyske Spelen yn Londen ferovere Norbruis sulver op de 500 meter tiidrit. In protte minsken kamen op de huldiging ôf, der wie ek in delegaasje fan Revalidaasje Fryslân út Beetstersweach.

Alyda Norbruis waard tasprutsen troch boargemaster Ravestein en deputearre Schokker. Ravestein neamde de hurdfytster in 'held' en deputearre Schokker sei dat Alyda Norbruis in boarne fan ynspiraasje wie foar Fryslân en 'fan bûgjen frjemd'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)