Spul yn bestjoer Accolade

De Invasiestrjitte yn Ljouwert © Google Streetview
Direkteur Jan van Dijken giet fuort by wenningboukorporaasje Accolade. Hy hat in ferskil fan ynsjoch mei de ried fan kommissarissen oer de rolferdieling. Sûnt it ûntstean út fiif lokale wenningboukorporaasjes hat Accolade al faker in bestjoerskrisis hân. It hjoeddeistige managementteam nimt de bestjoerlike ferantwurdlikheid fan Van Dijken oer. Van Dijken kaam earder dizze moanne noch yn it nijs as ien fan de grutfertsjinjende korporaasjebestjoerders yn Nederlân: hy fertsjinne royaal mear as de Balkenende-noarm.
Accolade is aktyf op It Hearrenfean, Snits, Frjentsjer, De Jouwer en Drachten.