Byldskerms út skoalle stellen

18 sep 2012 - 11:02

Yn basisskoalle Lyts Luchtenveld op 'e Jouwer is yn de nacht fan moandei op tiisdei ynbrutsen. De ynbrekkers hawwe in rút stikken slein en koene sa de skoalle yn. It alarm gie direkt ôf en de plysje wie nei 10 minuten by de skoalle. De ynbrekkers binne útnaaid mei trije kompjûterskermen. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
skoalle ynbraak De Jouwer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)