'Lantsjepik' net oan 'e oarder

De gemeente Smellingerlân is net dwaande mei lantsjepik. Dat seit foarljochter Lansen fan de gemeente nei útspraken fan boargemaster Piet Adema fan Achtkarspelen op Omrop Fryslân Radio. Adema fynt dat Smellingerlân besiket lân te stellen fan Achtkarspelen om't sy útwreidzje wolle soene oant it Prinses Margrietkanaal.
Smellingerlân fynt dat Drachten as 'stêdlike' kearn de basis wêze moat as der weryndield wurdt. Dat is ek wat de provinsje en de kommisje-Koopmans dy't de weryndieling yn Fryslân ûndersocht hat, wolle.
Dat soe betsjutte dat in part fan Opsterlân en Achtkarspelen by Smellingerlân komme moatte soe. Smellingerlân seit dat sy dy fizy al mear as fjouwer jier útdrage en dat sy wiswier gjin kleem lizze op dielen fan Achtkarspelen.