Soargen oer Friesland Bank

Fakbûn FNV Bondgenoten hat grutte soargen oer de takomst fan de goed hûndert meiwurkers fan it eardere Friesland Bank Assurantiën. Sy gean by fersekerder Delta Lloyd wei. De Friesland Bank keapet it fersekeringsdiel werom.
It beëinigjen fan de gearwurking hat te krijen mei de oername fan de Friesland Bank troch de Rabobank. Dy lêste nimt it belang fan de fersekerder foarearst oer. De Rabobank wol de fersekering fan de Friesland Bank ûnderbringe yn de eigen fersekeringsaktiviteiten by Achmea en Interpolis.
It fakbûn hat de ûnderhannelings mei de Friesland Bank no stilset. Se sille earst mei de leden om 'e tafel oer hoe't it no fierder moat. Aksjes wurde net útsletten.