Veilige Veste wint priis

17 sep 2012 - 18:43

Opfanghûs Veilige Veste yn Ljouwert hat in belangrike arsjitektuerpriis wûn. It giet om de Award voor Duurzaam Ontwerp. It gebou wie ien fan de njoggen nominearre projekten.

Veilige Veste is it eardere plysjeburo dat omboud is ta in opfanghûs foar fammen en froulju dy't slachtoffer binne fan jeugdprostitúsje en mishanneling. De duorsumens makket dat it enerzjyferbrûk hast tsien persint leger is as yn it âlde gebou. It is foar it earst yn Nederlân dat in kantoar op dy wize omboud is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)