Fertraging 2e faze Boschplein

17 sep 2012 - 15:12

De twadde faze fan it miljoeneprojekt Boschplein yn Snits rint grutte fertraging op. De bou leit seker in heal jier stil. Der soene 36 lúkse apparteminten boud wurde, mar it slagget projektûntwikkeler AM net om dy oan de man te bringen. De projektûntwikkeler wol dêrom noch dizze wike om tafel mei de gemeente om te praten oer in nije ynfolling fan it projekt. De fertraging kostet de oannimmer in soad jild, mar om hoefolle it giet wol AM net sizze.

Oan it Boschplein binne oant no ta 49 apparteminten, winkels en in parkeargaraazje boud.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)