Skeel oer erfenis fan miljoen

17 sep 2012 - 15:01

De Bistebeskerming Ljouwert hat spul mei in notaris oer in opmerklike rekken dy't se krigen hawwe. De bistebeskerming moat neffens de notaris noch 5.000 euro betelje foar it ôfhanneljen fan in erfenis yn 2004. De erfenis fan 1 miljoen gûne wie troch omstannigheden in pear jier lizzen bleaun op it kantoar fan de notaris.

By de úteinlike ôfhanneling koste it dêrtroch in soad ekstra tiid om alles goed te krijen. Dy ekstra tiid wol de notaris no betelle ha. Neffens de Bistebeskerming is dat net terjochte om it de skuld wie fan de notaris.

De rjochter komt der no oan ta pas om in oplossing te finen foar it skeel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)