Yby Potlatch jout wurk fuort

Yby Potlatch © Yby Potlatch
Keunstneres Yby Potlatch jout opnij al har wurk fuort. Yn 2007 hat se dat ek al ris dien. No jout se opnij al it wurk dat se sûnt dy tiid makke hat wei oan belangstellenden. It giet om mear as 300 doeken. Potlatch wol mei har aksje sjen litte dat it net allegear om jild draait en wol de wrâld leafde skinke.
Tongersdeitejûn 20 septimber om 18.00 oere binne belangstellenden wolkom by Potlatch op de Westhoek op It Bilt.