Plysje foarkomt brân yn flat

Brânblusser © Omrop Fryslân
Trochdat twa plysjeminsken moandeitemoarn betiid fluch yngrepen ha, koe brân yn in flat oan de Canadezeleane yn Ljouwert foarkommen wurde. De beide plysjeminsken seagen reek fan it balkon kommen en ha it fjoer mei in brânblusser útmakke.
Oarsaak fan de reekûntwikkeling wie in sigaret dy't sneintejûn net goed útmakke wie yn in blombak op it balkon.