Soad skoallen mei lege beurs

In tredde part fan alle skoallen sit finansjeel yn de knipe en dat binne benammen skoallen op it plattelân. Hoewol't it tal learlingen yn 2011 mei 1% weromrûn is, is it tal ûndwerwizers mei 5% werombrocht: sa binne der yn in jier tiid 6000 banen yn it ûnderwiis ferdwûn.
Undersiker Sjirk Huizinga fan Deloitte yn Ljouwert konkludearret dat nei ûndersyk fan de jierrekkens fan 3000 skoallen yn Nederlân. Krimp is in wichtige oarsaak fan de weromrinnende ynkomsten, mar ek de besunigings fan it ryk spylje in rol.
Neffens Huizinga hâldt de jildpine yn it basisûnderwiis de kommende jierren noch oan: de helte fan de skoallen makket ferlies en moat noch fierder besunigje.