Provinsje hoecht net suniger

De provinsje hoecht net opnij te besunigjen. Dat docht bliken út de begrutting dy't moandei presintearre is. De belestingen geane net omheech. Yn de begrutting wurdt foar 440 miljoen euro ynvestearre. It giet dêrby benammen om projekten dy't al yn de steigers stiene, lykas de Sintrale As, it stasjon by de Werpsterhoeke en it Fryske Marreprojekt.
By de planning fan dizze projekten wurdt wol rekken hâlden mei ekstra tsjinfallers, bygelyks it fallisemint fan in oannimmer. Neffens de provinsje is dêr genôch romte foar yn de begrutting.