Frou ferwûne by oanriding Riis
In 67-jierrige frou fan De Lemmer is sneintemiddei by in oanriding op de Sudergoawei yn Riis ferwûne rekke. It slachtoffer siet yn de auto by har 68-jierrige partner. Se krigen gjin foarrang fan in 52-jierrige automobiliste út Aldegea.
De frou fan De Lemmer is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs.