Ambulânsemeiwurker misledige

16 sep 2012 - 15:47

De plysje hat sneontenacht op De Lemmer in Ljouwerter oanhâlden foar it misledigjen fan ambulânsemeiwurkers. De man (21) hie op de Gale Hamkesstrjitte it rút fan in wenning ynslein en wie dêrby ferwûne rekke. Meiwurkers fan in ambulânse ferlienden de man, dy't djippe snijwûnen hie, earste help.

De Ljouwerter wie net al te tankber, want hy misledige in meiwurker fan de ambulânse. De plysje brocht de man nei it sikehûs en waard ûnderweis ek útskolden. De plysje hat de man dêrom nei behanneling meinommen nei it plysjeburo en ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)