Plysje pakt koperdief op

16 sep 2012 - 15:34

De plysje hat sneontejûn op De Jouwer in man út Haarlim (46) oanhâlden foar it stellen fan koper. In tsjûge seach dat de man oan de Ambachtswei it stek fan in bedriuw stikken makke en mei help fan in kroade koper yn in oanhingwein die. De koper lei op it terrein fan it bedriuw.

De warskôge plysje sette it bedriuweterrein ôf en gie op syk nei de koperdief. De man wie net mear by it bedriuw, mar waard justjes letter even fierderop oantroffen en ynsletten foar neier ûndersyk. De auto fan de man is yn beslach nommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)