Drachtsters mei falsk jild

16 sep 2012 - 13:08
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje fan Grins hat sneontenacht twa jonges út Drachten oanhâlden, omdat se falsk jild by harren hiene. It duo fan 15 en 17 jier besocht mei in falsk bryfke fan 100 euro ôf te rekkenjen yn in hoarekasaak op de Grutte Merk fan Grins. De barkeeper seach dat it om in minne kopy gie en warskôge de plysje.

De Drachtsters hiene noch in falsk biljet fan 100 euro by harren. De jonges binne ôffierd nei it sellekompleks fan de Grinzer plysje. It jild is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)