Gemeente dielt 1500 brieven út

De fûle brân oan de Splitting/Suderdwersfeart yn Drachten © Panos Giannakis
It is logysk dat de minsken dy't sneon út harren huzen helle binne by de grutte brân yn Drachten oan de Suderdwersfeart mear fragen hiene as de minsken dy't allinnich frege binne om duorren en ruten ticht te hâlden. Dat seit wurdfierder Lansen fan de gemeente Smellingerlân yn reaksje op de krityk fan dy bewenners. It gie om acht adressen oan de Splitting.
Neffens Lansen koste it tiid om de fragen te beantwurdzjen. De krityk wie dat de ynformaasjefoarsjenning net goed wie. De gemeente hat sneontejûn 1500 ynformaasjebrieven ferspraat.
Sneintemoarn wie de website fan de gemeente Smellingerlân in skoft ûnberikber. De site docht it no wol wer.