Trinitas: nije tsjerke H'fean

16 sep 2012 - 12:26
  • De nije protestânske Trinitas-tsjerke op It Hearrenfean
  • It ynterieur fan de nije Trinitas-tsjerke
  • Boargemaster Van der Zwan iepene de nije tsjerke

Op It Hearrenfean is sneon it nije tsjerkegebou fan de protestantske gemeente iepene troch boargemaster Tjeerd van der Zwan. Goed twa jier is der wurke oan de nije tsjerke mei de namme Trinitas. De ferbouwing hat 3,8 miljoen euro koste. Earder wiene der trije tsjerkegebouwen op It Hearrenfean, mar hjir is no ien grut gebou foar weromkaam.

It doel is dat hjirtroch ien nije tsjerkemienskip ûntstiet. De nije tsjerke lûkt alle sneinen goed 600 tsjerkegongers en hat mei-inoar sa'n 4000 leden. Trinitas wol besykje om ek nije minsken te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)