Pijper krekt net op WK-poadium

© Bert Swarts
Theo Pijper hat op de sechsde en lêste wedstriid fan it WK langbaan in poadiumplak ferspile. Yn Vechta koe de Fryske motorkoereur it twadde plak net behâlde. Martin Smolinski en Josef Franc hellen mear punten en gongen Pijper yn de einstân foarby. Pijper waard yn de A-finale en yn de einstân fjirde. De Fin Joonas Kylmakörpi waard foar de tredde kear op rige wrâldkampioen. Jannick de Jong helle de grutte finale net. Yn de einstân waard De Gordykster njoggende. Jeffrey Woortman fan Warten waard 17e yn de einstân.