Berltsum wint bekerkompetysje

De ôfdielingsfinale fan de bekerkompetysje keatsen yn Dronryp is sneon wûn troch it partoer fan Berltsum. Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma wienen yn in spannende finale mei 5-4 en 6-4 te sterk foar it partoer fan Boalsert, mei Géjanna Dijkstra, Feikje Bouwhuis, Marike Beckers.
It is de earste kear dat de Friesland Bank Cup organisearre waard. Doel is om mear bining mei it publyk te kreëarjen troch it keatsen oanlokliker te meitsjen. Dit kin neffens inisjatyfnimmer André Tolsma mei muzyk en rapper spul.