ONS pakt swierbefochten winst

15 sep 2012 - 17:02
  • ONS Snits

ONS Boso Snits hat sneon mei 2-1 wûn fan HZVV. ONS begûn sterk en krige tal fan kânsen. Martijn Roosenburg seach syn skot foarlâns gean, wêrnei't Sandor van der Heide de latte rekke. Krekt foar it skoft wie it Mark de Vries dy't de 1-0 foar it yntikjen hie, mar ek hy fersomme te skoaren.

Nei it skoft wie it Van der Heide dy't de iepeningstreffer makke. Lang koe ONS net genietsje fan de foarsprong, efkes letter stie de lykmakker op it boerd. It wie úteinlik Van der Heide dy't fan 11 meter de swierbefochten punten foar de Snitsers pakte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)