Barel wint syn 6e Tri Ambla

© Omrop Fryslân
De alfde edysje fan Tri Ambla, de Cross Triatlon op It Amelân, is sneon wûn troch Rob Barel. It is de sechsde oerwinning op it eilân foar de triatleet út Overberg. By de froulju wie de winst foar de trijefâldich Nederlânsk kampioene heale triatlon Mirjam Weerd út Amersfoort.
Oan de triatlon dienen dit jier ek Laser Radial sylster Marit Bouwmeester fan Warten en Finn-siler Pieter-Jan Postma fan Terkaple mei.