Trijemêster yn need by Skylge

15 sep 2012 - 15:06

Op it Waad is sneontemiddei in trijemêster yn problemen kommen. Dat barde in pear kilometer súdlik fan Skylge. It sylskip Morgana mei tritich minsken oan board makket wetter. De rêdingsboaten fan Skylge en Flylân binne yn aksje kommen, en der binne twa bergingsfartugen hinne gien.

De rêdingsboat fan Skylge hat alle opfarrenden fan board helle. Oanslutend is de trijemêster foarsichtich nei de haven fan Skylge sleept. Oan 'e ein fan 'e middei wie de trijemêster yn feilige haven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)