Grutte brân yn Drachten

15 sep 2012 - 14:41

Der is sneontemiddei in grutte brân útbrutsen yn in leechsteand gebou op de hoeke fan de Suderdwersfeart en de Splitting yn Drachten. Yn it gebou siet earder in keukensaak. Der hat al faker brân west.

De blusgroepen fan Drachten en Beetstersweach binne mei fyftjin auto's oanwêzich om de brân te bestriden. De reekwolken binne oant fier yn de omkriten en sels bûten Drachten te sjen. De plysje advisearret de bewenners fan de wiken De Bouwen en De Veenen om de ruten en doarren ticht te hâlden yn ferbân mei de reek.

De plysje ferwachtet de brân ridlik fluch ûnder kontrôle te krijen. It ferkear yn en om Drachten is as gefolch fan de grutte brân folslein fêst rûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)