Skeelerfroulju pakke goud

15 sep 2012 - 13:45

De Nederlânske skeelerfroulju mei Manon Kamminga en Elma de Vries ha freed it goud pakt op de ôflossingskoers by de wrâldkampioenskippen yn it Italiaanske San Benedetto del Tronto. It is al de tredde medalje foar Kamminga fan It Hearrenfean, dy't no alle trije kleuren fersammele hat. Freed pakte se op de 500 meter it sulver. Tongersdei helle se it brûns op de puntekoers.

Elma de Vries, oarspronklik fan De Haule, rydt dit jier har 8e WK. Twa jier lyn pakte se yn Kolombia ek al in medalje op it ûnderdiel ôflossing. Doe wie it brûns.

By de junioaren wie der ek sukses op de ôflossing. Dêr pakte Lars Scheenstra fan Teridzert it sulver mei syn ploechgenoaten Gerco van Beek en Luc ter Haar. De Nederlânske manlju mei Crispijn Ariëns fan Wolvegea, grypten krekt neist de medaljes. Dêr gong de winst nei de Belgyske manlju, twadde waard Italië, folge troch Sily.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)