Fryskeboekhannel.nl is los

15 sep 2012 - 10:37

Freedtejûn wie it Fryske Boekefeest yn Ljouwert. Tagelyk is freed de nije webside fryskeboekhannel.nl fan start gean. Op de webside binne alle Fryske boeken fan alle útjouwerijen te krijen. Inisjatyfnimmer fan de site is boekhanneler Peter Wever fan Frjentsjer.

Wever hie der argewaasje fan dat ynformaasje oer guon Fryske boeken mar min te finen wie. Hy woe dêrom de ynformaasje oer alle Fryske boeken byinoar bringe op ien website. Wever hopet sa ek de ferkeap fan Fryske boeken te stimulearjen, want dêr giet it net sa hiel goed mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)