Gerrie Dantuma troch yn Voice

© RTL4
Sjongeres Gerrie Dantuma fan Stiens is freedtejûn op oertsjûgjende wize troch de earste ronde van The Voice of Holland kommen. Alle fjouwer sjueryleden draaiden de stoel om en dêrmei wie se troch nei de battle. De sjongeres hat jierren aktyf west yn de gospelmuzyk en besiket no har sjongkarriêre in nije ympuls te jaan.
Se hat keazen foar Trijntje Oosterhuis as har coach. Ferline jier wûn Iris Kroes fan Drachten it programma The Voice of Holland.