Miltfjoer-gefaar Werpsterhoeke

By de weiwurksumheden by de Werpsterhoek by Ljouwert binne buorden delset, om te warskôgjen foar it gefaar fan miltfjoer. Njonken it part fan 'e dyk dat no ferdûbele wurdt, is in lyts stik lân dat beplante is mei boskjes. Yn it ferline is dêr mooglik fee begroeven dat besmet wie mei miltfjoer. Miltfjoer is tige besmetlik. Spoaren fan de baktearje kinne hiel lang gefaarlik bliuwe.
Rykswettersteat hat de grûn net ûndersocht, mar nimt de maatregels út foarsoarch. It wurk oant de dyk rint gjin fertraging op.
Histoaryske boarnen oer in in mooglike útbraak fan miltfjoer by Wurdum hat Rykswettersteat net. Minsken dy't mear witte fan de skiednis fan it súdlike part fan de eardere gemeente Ljouwerteradiel witte wol dat op it plak fan de boskjes oant de jierren '70 in pleatske stien hat. Dat pleatske is troffen troch brân. De grûneigner en de doetiidske bewenner fan it pleatske seit dat der perfoarst gjin miltfjoer yn de grûn sit. Rykswettersteat wol graach mei him om tafel.