Obe Postmapriis foar Popkema

Anne Tjerk Popkema mei De Hobbit © Flickr / Hindrik Sijens
Anne Popkema fan Burgum krijt de Obe Postmapriis foar syn oersetting De Hobbit fan J.R.R. Tolkien. Haadfiguer Bilbo Balsma makket mei 13 dwergen en tsjoender Gandalf in avontuerlike tocht nei de draak op de Iensume Berch. The Hobbit ferskynde foar it earst yn 1937 en is oerset yn mear as fyftich talen. It ferhaal is de foarskiednis by de trilogy The Lord of the Rings.
De priiswinner waard bekendmakke op it Boekefeest troch de foarsitter fan de advyskommisje, Hein Jaap Hilarides. De Obe Postmapriis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt.
Popkema krijt de priis op 12 oktober.