Bouboeren meitsje lange dagen

Bouboeren yn Noardwest Fryslân meitsje dizze wike lange dagen om de ferlerne tiid troch de wetteroerlêst fan ein augustus yn te heljen. Troch swiere tongerbuien kamen in oantal stikken lân mei ierappels ûnder wetter te stean en ûntstie gefaar fan brúnrotbesmetting. De Voedsel- en Warenautoriteit stelde in roaiferbod yn. De stikken lân moasten earst besjoen wurde troch karmasters fan de NAK. De measte boeren hawwe no tusken de 50 en 80 persint roaid.
It grutste part fan de Fryske boeren hat poatierappels. De prizen dêrfan binne noch net bekend.