Hurdfytsers botse meimekoar
Op Sopsum by Achlum binne freedtemiddei twa hurdfytsers op elkoar botst. Troch de hurde klap rekken beiden koart út de tiid.
Beide manlju hiene ferwûnings oan it gesicht en ferlearen in soad bloed. Meiwurkers fan de traumahelikopter hawwe holpen by de behanneling fan de twa fytsers.