Van Anholt yn basis tsjin ADO

14 sep 2012 - 15:13

Pele van Anholt stiet sneon yn de basis by SC Hearrenfean yn it duel mei ADO Den Haag. Van Anholt is de ferfanger fan de blessearre Gianni Zuiverloon. Zuiverloon foel yn de thúswedstriid tsjin Ajax út mei in hamstringblessuere. "Maar ik hoop er tegen FC Twente weer bij te zijn", sa seit de rjochterferdigener.

Fierder is der foar Marco van Basten gjin reden om wizigings oan te bringen. Arnold Kruiswijk krijt opnij de foarkar boppe Jeffrey Gouweleeuw dy't op 'e bank begjint.

Matthew Amoah moat noch efkes geduld ha foardat hy syn kompetysjedebút meitsje sil. De Ganeeske oanfaller sit net by de seleksje foar de wedstriid tsjin ADO, mar sil it takom moandei mei de beloften opnimme tsjin Ajax. Van Basten hopet tsjin ADO Den Haag op syn earste oerwinning yn de kompetysje. De statistiken binne wat dat oanbelanget yn it foardiel fan SC Hearrenfean. Fan de njoggen kear dat ADO yn it Abe Lenstra stadion spile, wist it gjin inkelde kear te winnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)