Krityk op sakefrou-wedstriid

De ferkiezings is ein oktober yn Grins
Twa sakefroulju út Ljouwert binne lulk op de organisaasje fan de ferkiezing Zakenvrouw van het Noorden. Se hiene har dêr na lang berie foar opjûn, neidat bekend wurden wie dat it tal oanmeldings bot ôffoel.
Se hiene neffens eigen sizzen oan alle betingsten foldien om meidwaan te kinnen. Mar dizze wike krigen de twa te hearren dat se net meidwaan meie, omdat der no tefolle oanmeldings wiene. Dy meidieling kaam in dei neidat se in mail krigen hiene mei ynformaasje oer de presintaasje dy't se jaan moasten.
De twa ha noch wol in útnoeging krigen foar de priisútrikking, mar dêr sille se gjin gebrûk fan meitsje.