Bêste paprika út Seisbierrum

14 sep 2012 - 12:00
  • Willem Hartman mei syn paprika's en de oarkonde

Túnker Hartman fan Seisbierrum hat gjin lêst fan 'e aksje fan Albert Heyn. De super wol twa % minder oan de leveransiers betelje en dêr wurdt freed tsjin protesteard, ûnder oare troch bargeboeren.

By túnker Hartman is it feest omdat it bedriuw tongersdei útroppen is ta beste paprikateler fan Nederlân. De swiete puntpaprika fan Hartman hat de priis 'Bêste paprika fan Nederlân' wûn. Der wurde jierliks seis miljoen fan dizze soarte oan Albert Heyn ferkocht. De swiete puntpaprika's binne allinnich by dit bedriuw te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)