Ekstra kontrôle lânbouferkear

De plysje begjint op sneon mei ferskerpe tafersjoch op it lânbouferkear. Foar boeren en leanbedriuwen is de hjerst ien fan de drokste perioaden fan it jier en dat betsjut dat der folle mear trekkers en lânboumasines op de dyk binne.
De plysje sil dizze hjerst ekstra lette op de skerpe útstekkende dielen dy't guon lânboufoertugen hawwe. It giet dan bygelyks om dongynjektoaren en kuilsnijers. Ek sil de plysje ferljochting en spegels goed neisjen. Mei de kontrôle wol de plysje de ferkearsfeiligens befoarderje.