Friese Koers wol Tûmba stypje

14 sep 2012 - 10:07
  • Tûmba

De steatefraksje fan Friese Koers easket dat stifting Tûmba ek yn de takomst subsydzje krijt fan de provinsje. De partij makket him der soargen oer dat it sintrum foar gelikense behanneling en wrâldboargerskip de provinsjale subsydzje fan in ton kwytrekket, en mooglik noch mear.

Dat soe betsjutte dat de stifting it mei de helte minder dwaan moatte soe. Tûmba rekket de provinsjale subsydzje mooglik kwyt, omdat de subsydzjeferliening oernaam wurde moatte soe troch de gemeenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)