Man gizelet frou yn Wolvegea

In frou (27) út Wolvegea is tongersdei in skoft gizele troch in man fan De Jouwer. De frou hie twa auto's te keap en waard troch de Jouster benadere mei it ferhaal dat er in keaper hie. Se gie mei him mei, mar doe't bliken die dat der gjin keaper wie en se fuort woe, waard se tsjinhâlden troch de Jouster en in man út Grins.
De frou slagge deryn om de plysje te warskôgjen. Dy fûn har by har hûs, yn it bywêzen fan de Jouster. Foar dizze saak binne ek in man út Grins en in frou út It Hearrenfean oppakt. Se sitte alle trije fêst.
De Jouster ferklearre letter dat it ynsidint 'út de hân' rûn wie en dat er de auto's sels keapje wollen hie.