Bus rekke troch frachtwein

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Op de A7 tusken Drachten en Beetstersweach is tongersdei in streekbus fan Qbuzz yn de berm belâne nei't de bus oanriden wie troch in frachtwein. De bus moast útwike foar in auto. De frachtweinsjauffeur koe de bus net ûntwike en rekke dizze oan de achterkant.
De bus en frachtwein rekken swier skansearre. Guon passazjiers binne behannele oan lichte ferwûnings. Troch it ûngelok ûnstie in lange file.