Fytster yn Ljouwert oanriden

In fytster is tongersdeitemiddei ferwûne rekke doe't se op de paralleldyk fan de Julianaleane yn Ljouwert oanriden waard. De fytster kaam fan it terrein fan it Friesland College. Doe't se de dyk op ried, waard se oanriden troch in automobiliste.
It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket oft de automobiliste te hurd riden hat. In soad studinten hawwe de oanriding sjoen.