Soarch fan Sionsberg is goed

De sluting fan de bertesoarch yn sikehûs De Sionsberg yn Dokkum hie neat te krijen mei de kwaliteit fan de soarch. Dat is de konklúzje fan in ûnôfhinklik ûndersyk dat dien is nei de sluting.
Neffens buro Bon, dat it ûndersyk die yn opdracht fan de gemeente, is de sluting it gefolch fan de finansjele problemen. Der drige in fallisemint. Yn oerlis mei de soarchfersekerders en de ynspeksje is doe ta de sluting besletten. Oant no ta waard altyd sein dat de kwaliteit net yn oarder wêze soe.