Mondriaanbuert oplevere

13 sep 2012 - 19:33

Wenningbouferiening WoonFriesland bliuwt aktyf yn de Mondriaanbuert yn Ljouwert, ek no't de wyk offisjeel oplevere is. Tongersdei binne 143 nijbouwenten fan de wenningbouferiening offisjeel oplevere. Der is yn seis jier tiid hast 27 miljoen euro yn it opknappen fan de wyk stutsen.

Foar de nijbou waarden 170 wenten sloopt en krige de folsleine wyk in oar oansicht. Sa is der bygelyks folle mear grien kaam en binne der boartersplakken by kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)