Flats Boalsert opknapt

Yn Boalsert sille de kommende tiid fjouwer flatgebouwen yngripend ferboud wurde. It giet om 112 wenningen fan Elkien dy't oan fernijing ta binne. De flats binne fyftich jier âld en dêrom moat ûnder oare nedich wat oan de isolaasje dien wurde.
De bûtenkant fan de gebouwen komt der moderner út te sjen. De ferbouwing begjint yn novimber en sil meiïnoar sa'n tsien moanne duorje. Oannimmer Friso út Snits sil de kommunikaasje nei de bewenners ta dwaan. It is foar it earst dat wenningkorporaasje Elkien dit út hannen jout.