Fakbûnen fersmite bod DE

Douwe Egberts © wikipedia.nl, Freaky
De earste petearen tusken de fakbûnen en de direksje fan Douwe Egberts hawwe noch neat opsmiten. De direksje hat in bod op tafel lein fan 0,8 persint leansferheging. Dêrneist soene de wurknimmers by winst in bonus krije.
Neffens de fakbûnen is it bod fierstente leech. Sy setten eins yn op in leansferheeging fan 2,5 persint. Yn it bod fan de direksje is ek noch gjin oplossing foar de hege wurkdruk yn it fabryk op De Jouwer. It fakbûn sil no earst wer yn petear mei de eigen achterban en op 28 septimber wurdt fierder praat mei de direksje.