B en W wolle MFC Koatstertille

Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen wolle acht ton beskikber stelle foar in nij multyfunksjoneel sintrum yn Koatstertille. Yn it nije MFC-gebou moat ûnder oare romte komme foar in gymnastykseal, in doarpshûs en in jeugdhonk. De gemeenteried moat noch wol akkoart gean mei de plannen.
Neffens Lies Visser fan de stichting Tillehûs binne se der noch net mei de bydrage fan de gemeente.