Earste peal yn Boalsert

Der sit beweging yn de huzemerk fan Boalsert. Boalsert hat noch gjin lêst fan krimp. Dat sei projektûntwikkeler Hans Jorritsma tongersdei by it slaan fan de earste peal fan in appartemintekompleks. Op 'e grûn komme bedriuwen.
Jorritsma bout fjirtich apparteminten op it terrein fan it eardere busstasjon oan de Snitserstrjitte. It hat tolve jier duorre foardat de earste peal slein wurde koe. Alle apparteminten en de bedriuwsromten binne ferhierd.
Wenningboukorporaasje Elkien is de eigener fan 27 hierapparteminten.