Wurkstraffen foar mûnebrân

De rjochtbank fan Ljouwert hat wurkstraffen jûn oan de jonges dy't yn april de mûne fan Boerum yn 'e brân stutsen hawwe. De jonges tusken de 12 en 15 jier hawwe taakstraffen krige fan 60 en 90 oere.
De jonges hiene op peaskesnein âld papier, ûnder oare bibels, út in kontener weihelle. Se hiene it materiaal yn 'e brân stutsen by de monumintale mûne Windlust yn Boerum. Dy gong hielendal ferlern. Neffens de Ljouwerter rjochtbank wie der sprake fan opset.