Twa himpkwekerijen ûntdutsen

13 sep 2012 - 10:19

De plysje yn Ljouwert hat woansdei op twa plakken yn de stêd himpkwekerijen oantroffen. Yn in kontener oan de Einsteinwei stiene fjouwerhûndert planten. Dêr binne noch gjin oanhâldings foar dien. De plysje is op syk nei de eigener fan de kontener.

Yn in gebou oan it Noardfliet fûn de plysje ien kilo droege himptoppen. It kweekguod wie al fuorthelle. De 46-jierrige bewenner is oanhâlden.

Trefwurden: 
himp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)