Oanriding troch mobyltsje

13 sep 2012 - 10:14

In 58-jierrige frou út Frjentsjer is woansdeitemiddei by Seisbierum oanriden troch in 44-jierrige plakgenoat dy't mei syn mobile tillefoan oan de gong wie. Hy naam de bocht te rom en kaam op de ferkearde helte fan de dyk telâne dêr't de frou mei de auto oankaam.

De frou hâlde ferwûnings oan de earm en rêch oer oan de oanriding. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)